Nieuwsberichten

Lubbert Tilma is der foar jo!

Yn Ljouwerteradiel kenne in protte minsken my wol, om’t ik boer bin oan de greate dyk en wol ris fan my hearre lit. Wy wenje sûnt 1974 yn Stiens en fiele ús hjir oe sa thús. Us bern binne op harsels wenjen gien en doe is der foar my romte kaam om wat oars te dwaan. De fjouwer jier, dy’t ik yn de gemeenteried sitten ha, binne drok mar ek údaagjend west.

Foar de ynwenners fan ús gemeente kin de ried de sfear fan de mienskip wol beynfloedzje en dêr doch ik graach oan mei. De bewenners steane foar it CDA foarop; regels binne der foar de minsken en net oarsom! Ek no’t de gemeenten mear taken krije fan it ryk, sil dy sa effisjint mooglik útfierd wurde moatte. Sa, dat der minder oan de strykstôk hingjen bliuwt as no, no’t se noch lanlik útfierd wurde. Sa komme ús inwenners, dy’t der gebrûk fan meitsje der it bêst foar wei. Dêr -om de minsken- giet it ús altyd by it CDA.

Graach doch ik wer fjouwer jier as CDA-riedslid yn Ljouwerteradiel myn bêst foar jim.
Naar alle nieuwsberichten